Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by de Simon Havingaschool yn Snits

25 febrewaris 2020

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur mei har koffer fol boeken op besite by de groepen 4 oant en mei 8 fan de Simon Havingaschool yn Snits. Sy sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje oer de tsien boeken út de lêskoffer en har eigen wurk. Wolsto mear witte oer de berneboeke-ambassadeur? Mear ynformaasje fynst op www.berneboekeambassadeur.frl.