Foto: Marleen Annema

BBA op besite by Loevestein, De Gordyk

25 septimber

School Loevestein op De Gordyk ûntfangt de BBA hjoed. It is in wersjen, om’t dizze skoalle it dekôr wie fan de ynhuldiging fan Lida Dykstra as BBA yn jannewaris fan dit jier. De BBA sil diskear yn de groepen 1, 2 en 3 ynteraktyf foarlêze, sjen litte hoe’t boeken makke wurde en fansels ek alle fragen fan de bern beäntwurdzje. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.