Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by School Loevestein op De Gordyk

27 febrewaris

Groepen 3, 4 en 5 fan School Loevestein op De Gordyk, binne jim der klear foar? Hjoed komt de Berneboeke-ambassadeur by jim op skoalle mei har koffer fol boeken. Sy sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje oer de tsien boeken út de lêskoffer en har eigen wurk. Wolsto de BBA ek op jim skoalle útnûgje? Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.