Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by Sint Lukas yn Drachten

4 maart

De berneboeke-ambassadeur is hjoed op besite by alle middenbougroepen fan basisskoalle Sint Lukas yn Drachten. Sy sil yn it ramt fan de Fryske wiken fan dizze Jenaplanskoalle foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje oer de tsien boeken út de Lêskoffer en har eigen wurk. Wolsto de BBA ek op jim skoalle útnûgje? Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.