Foto: Marleen Annema

BBA op besite by St. Jozefskoalle yn Heech

7 septimber

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) giet hjoed nei de Sint Jozefskoalle yn Heech. Yn de groepen 1 oant ’e mei 8 lêst se dêr ynteraktyf foar en fertelt se oan de hân fan de boeken út de Lêskoffer. By dizze boeken binne ek fergees foar elkenien lesbrieven te downloaden op www.berneboekeambassadeur.frl. Wolst mear witte oer it wurk fan de berneboeke-ambassadeur? Sjoch dan op de spesjale website.