Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by Wilhelminaskoalle, Snits

25 novimber

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei de Wilhelminaskoalle yn Snits. Yn de groepen 3 oant en mei 8 fertelt se oer it skriuwproses en de boeken út de Lêskoffer. Se docht ek in ymprovisaasje-opdracht mei de bern, wêryn’t dy sels de haadrol spylje. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.