Foto: Marleen Annema

BBA op besite op De Hoekstien, Lúkswâld

2 oktober

De bern fan OBS De Hoekstien yn Lúkswâld krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur op besite. Lida sil ynteraktyf foarlêze en fragen oer it skriuwersfak beäntwurdzje, mar ek kreatyf mei de bern fan de groepen 4/5/6 en 7/8 oan de slach gean. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Foar dit jier sit har aginda fol, mar foar 2021 kin dat wer. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl.