BBA op besite op De Jasker, Nijbeets

29 septimber

Fan ’e middei is de BBA op de oare skoalle yn Nijbeets: OBS De Jasker. Dêr sil se yn groepen 4/5 en 6/7/8 foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Want makket in skriuwer ek wolris in fout? Wêr komme de ideeën wei? En wa makket dy moaie tekeningen?
De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.