BBA op de Doarpsskoalle yn Wurdum
De Berneboeke-ambassadeur komt hjoed yn de klassen 3/4, 5/6 en 7/8 fan de Doarpsskoalle Wurdum. Sy sil fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje (FFF). Fansels meie de bern sels ek kreatyf oan de slach.
Alle skoallen yn de gemeente Ljouwert krije fergees in lêskiste mei Fryske boeken oanbean. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur. En letter, foar de learlingen en learkrêften.