BBA op de Kabas yn Frjentsjer
Op de hiele skoalle De Kabas yn Frjentsjer is twa dagen lang de hiele dei oandacht foar it Frysk! De Berneboeke-ambassadeur komt by alle groepen del om foar te lêzen, te fertellen oer Fryske boeken en oer har wurk. Fansels is der ek oandacht foar ien fan dy moaie Fryske dialekten: it Stedsfrysk fan Frentsjer.