BBA op De Wynroas yn De Harkema
Hjoed wurket de Berneboeke-ambassadeur op De Wynroas yn de Harkema. Yn groep 3 en twa groepen 4 sil sy fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de bern sels oan de slach en wat moais meitsje.
De skoalle ûntfangt hjoed fan de BBA ek de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan de gemeente Achtkarspelen!