BBA op Dockinga College yn Dokkum
De Berneboeke-ambassadeur sil oan de slach yn de brêgeklassen fan it Dockinga College. Dizze jonge vmbû-learlingen ha noch mar krekt it fak Frysk, mar sille no al sjen datst mei dizze taal in hiel protte dwaan kinst. De Berneboeke-ambassadeur sil se foarlêze, want minsken fan alle leeftiden hâlde dêrfan. Fierder sil se fertelle oer Fryske boeken, lytse talen en meie de learlingen allerhande fragen stelle.