BBA op IKC Sint Radbodus, Dronryp

7 maaie

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op IKC Sint Radbodus yn Dronryp. Sy komt by 5 klassen del, yn totaal 6 groepen, en sil dêr fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de learlingen sels oan de slach mei har eigen Fryske ferhaal. Mar dat net allinnich! De hiele skoalle kriget hjoed in lêskiste!
Alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke krije nammentlik fergees sa’n lêskiste oanbean fol mei moaie Fryske boeken.