Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op IKC de Jint Stiens

27 jannewaris

De Berneboeke-ambassadeur komt hjoed del yn klassen 6, 7 en 8 fan IKC de Jint yn Stiens, dêr’t se dizze wike wurkje mei it tema keunst. De BBA past har boekekiste en lessen dêr op oan. Fansels meie de bern hjoed sels ek kreatyf oan de slach! Alle skoallen yn de gemeente Ljouwert krije fergees in lêskiste oanbean. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur. Mar ek letter, foar de learlingen en learkrêften.