BBA op IKC Wiarda Goutum
Yn it ramt fan de Fryske wike komt de Berneboeke-ambassadeur hjoed yn de klassen 4, 4/5 en 5 fan it IKC Wiarda yn Goutum. Sy sil fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje (FFF). Fansels meie de bern sels ek kreatyf oan de slach! Alle skoallen yn de gemeente Ljouwert krije fergees in lêskiste mei Fryske boeken oanbean. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur. En letter, foar de learlingen en learkrêften.