BBA op it Drachtster Lyceum
Learlingen fan havo-3 en vwo-3 fan it Drachtster Lyceum steane foar de grutte fraach: hokker profyl en wat foar losse fakken kiest foar it eksamenjier? Om it Frysk wer efkes ûnder de oandacht te bringen, organisearret de skoalle twa projektdagen. De Berneboeke-ambassadeur sil wat fertelle, mar sil benammen ek learlingen de wille fan it Frysk belibje litte. Ek Omrop Fryslân, Tresoar, Dichter fan Fryslan Arjan Hut en oaren binne oanwêzich om it brede wurkfjild fan it Frysk ûnder de oandacht te bringen.