BBA op It Iepen finster yn Achlum

9 maaie

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op it Iepen finster yn Achlum. Sy komt by alle klassen del: groep 1/2, 3/4/5 en 7/8 en sil dêr fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de learlingen sels oan de slach mei har eigen Fryske ferhaal. Alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke krije fergees in lêskiste oanbean mei de moaiste Fryske boeken. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! Foar de Berneboeke-ambassadeur, mar ek foar de learlingen en learkrêften!