Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op OBS De Oanset yn Ried

27 maart

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op OBS De Oanset yn Ried. Sy komt by alle klassen del: groep 1/2, 3/4/5 en 7/8 en sil dêr fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de learlingen sels oan ’e slach mei har eigen Fryske ferhaal. Alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke krije fergees in lêskiste fol mei boeken, oanbean troch de gemeente. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur. En letter, foar de learlingen en learkrêften.