©Foto: Hoge Noorden / Jacob Van Essen

BBA op SWS It Werflân Rottevalle

26 maart

SWS (samenwerkingsschool) It Werflân set yn op it Frysk. De bern krije Fryske les, de skoalle hat Fryske berneboeken en spultsjes kocht. Hjoed mei de Berneboeke-ambassadeur de boeken op spesjale wize ûnder de oandacht bringe by de learlingen. De measte learlingen sprekke Frysk en komme sa ek yn de kunde mei Frysk it (foar)lêzen. Geweldich! Der is in berneboek foar elkenien.