Lêskisten foar alle skoallen Waadhoeke
Hjoed kinst de Berneboeke-ambassadeur (BBA) samar yn it wyld tsjinkomme yn de gemeente Waadhoeke. Want tegearre mei meartaligenskoördinator Gerard de Jong krije hjoed alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke fergees in lêskiste oanbean. Ofhinklik fan de lokaasje binne de boeken Frysktalich, Bildts of Frjentsjerters. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur. En letter fansels foar de learlingen en learkrêften op de skoallen.