BBA ûntfangt nij berneboek yn Oranjewâld
Der binne steapels prachtige Fryske boeken. En dy steapel wurdt hjoed wer in bytsje grutter mei it boek ‘Paula en de weirekke spegel’. Skriuwer fan it ferhaal is Marije Sennema en de printen binne makke troch yllustrator Tijana Lukovic. Skoalbern fan De Knipe komme nei Museum Belvédère yn Oranjewâld, dêr’t de Berneboeke-ambassadeur it earste eksimplaar fan dit moaie boek yn ûntfangst nimme mei. In feestlik momint!