BBA yn de klasse by CBS De Roerganger

18 desimber

Hjoed sil de BBA del by de groepen 3, 4 en 5 fan de Roerganger yn It Fean. De hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Hearenfean! Dêryn sit fansels ek in moai boek foar de ûnder- en middenbou. De BBA sil foarlêze, fertelle oer har wurk en fragen beantwurdzje. En learlingen meie ek sels kreatyf oan de slach. De Berneboeke-ambassadeur komt fergees op eltse skoalle yn Fryslân!