BBA yn foarlêssjuery Noardwâlde
Yn it Vlechttheater in Noardwâlde sit dizze jûn in tal foarlêzers klear om mei te dwaan oan de regionale foarlêswedstryd fan basisskoallen yn de gemeente Weststellingwerf. Spannend! Tegearre mei oaren sit de Berneboeke-ambassadeur yn de sjuery. Wy lústerje, meitsje oantekeningen, genietsje en lûke ús dan werom om te oerlizzen wa’t it bêste in ronde fierder kin. De organisaasje is yn hannen fan Bibliotheek Zuid Oost Friesland.