BBA yn Gytsjerk en Mûnein
Hoewol’t de Kinderboekenweek foarby is, giet dizze noch efkes lekker troch yn Gytsjerk en Mûnein! It tema is dit jier ‘Lekker eigenwijs!’. De Berneboeke-ambassadeur komt mei in steapel lekker eigenwize Fryske berneboeken op de skoallen del en sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Learlingen meie in lekker eigenwiis ferhaal betinke! En: sy krije fergees de moaie lêskiste fan de gemeente!