BBA yn sjuery Nationale Voorleeswedstrijd

27 maart

Dizze winter wie it wer drok mei foarlêzers yn de provinsje, drok dwaande mei de foarrondes fan de Nationale Voorleeswedstrijd. Hjoed komme de foarlêskampioenen fan ferskate Fryske gemeenten by-inoar yn Holwert, dêr’t sy it opnimme tsjin elkoar. Wa wurde de bêste foarlêzers fan Fryslân? De Berneboeke-ambassadeur sit mei oare professionals út it fak yn de sjuery. Sy harket en oerleit mei de oare sjueryleden wa’t noch in ronde fierder mei. Spannend!