Nyk de Vries. Foto: Jacob van Essen

Bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

12 novimber

Fannemiddei om 16:00 oere (ynrin 15:30 oere) wurdt tidens Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sytske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’. Derby wêze? Oanmelde is needsaaklik en kin fia: info@dichterfanfryslan.nl. NB Maks. 75 persoanen, tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding en mei koroana check-app!