Foto: Marleen Annema

Berneboeke-ambassadeur (BBA) op besite by De Gielguorde yn Mantgum

17 maaie

De bern fan OBS De Gielguorde yn Mantgum ûntfange hjoed Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. Sy sil oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje en ek efkes mei de bern kreatyf oan de slach gean. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.