Berneboeke-ambassadeur oer (foar)lêzen by ledegearkomste Skriuwersbûn
Jûn is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) by de ledegearkomste fan it Skriuwersbûn yn Tresoar om te fertellen oer lêsbefoardering by bern. Reina Greet Smeink-Kroodsma sil fertelle oer de ferhalen dy’t sy skriuwt foar Keimpe de Krokodil. En Martine Jansen sil fertelle oer it projekt Read With MEE. De BBA hat meiwurke oan in ferhaal en oersetting foar dat projekt. It Skriuwersbûn is in feriening fan Fryske skriuwers, dichters, oersetters, publisisten en minsken dy’t de Fryske skriuwerij tagedien binne. It Bûn leveret in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat en behertiget de belangen fan auteurs yn it Frysk troch kontakten te ûnderhâlden mei in ferskaat oan organisaasjes, sa as Tresoar, Boeken fan Fryslân, Fryske Akademy, útjouwers, de Rie fan de Fryske Beweging en de Provinsje Fryslân. Twa kear jiers wurdt der in ledegearkomste organisearre.