BBA te sjen op Verhalenavond

21 novimber

‘Verhalenavond’ is in wier fenomeen wurden yn Fryslân. It tema fan dit jier is: ‘Doe’t ik dapper wie’. De Berneboeke-ambassadeur fertelt jûn oer har wurk en dapper wêze.

‘Hoe bisto skriuwer wurden!?’ is ien fan de meast stelde fragen dy’t ik hear as ik op skoalbesite bin. ‘Yn hokker taal bist berne?’ frege lêstendeis in bern, sa poëtysk! Ik skriuw yn it Nederlânsk en yn it Frysk, foar folwoeksenen en bern, fiksje, non-fiksje en poëzy. Om dat te dwaan, moast ik soms bêst dapper wêze. Wêrom? Dat fertel ik dizze jûn. Tusken 19.00 – 20.00 oere binne benammen bern útnûge om te kommen. Fansels meie se in âlder én in knuffelbist meinimme! Elk ferhaal duorret 8 minuten. Dêrnei is der tiid om de eksposysje ‘Fauna XXtraordinaire’ te besjen, wêryn’t it wurk fan berneboekeskriuwer en – yllustrator Stern Nijland te sjen is tegearre mei wurk fan O.C. Hooymeijer.

Mear ynfo: https://verhalenavond.nl/verhalen/tialda-hoogeveen/.