Berneboeke-ambassadeur te gast by groepen 5 fan de Burcht op It Fean

12 desimber

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur (BBA) del by de groepen 5 fan CBS De Burcht op It Fean. De hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Hearenfean! Dêryn sit fansels ek in moai boek foar groep 5 en alle oare groepen, want der is in berneboek foar elkenien. De BBA sil foarlêze, fertelle oer har wurk en fragen beântwurdzje. En learlingen meie ek sels kreatyf oan de slach. De Berneboeke-ambassadeur komt fergees op eltse skoalle yn Fryslân! Sjoch foar mear ynformaasje fierderop op dizze website.