Bouwurk Arcadia 2025

Bloeiwike? Foarpriuwke (Fryske) taalaktiviteiten yn Bouwurk

12 july

Fan 12.00-14.00 oere yn de Keuken fan Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Wolst mear mei it Frysk en taal dwaan yn dyn doarp of stêd? Kom dan del en ûntdek hokker taalaktiviteiten oftst allegear ynsette kinst yn de Bloeiwike! In Bloeiwike is gjin doel op himsels, mar in startpunt foar konkrete ferbetteringen yn doarpen. Troch mei-inoar yn aksje te kommen, ûntsteane inisjativen dy’t fierder rikke as in pear wike en bliuwend impact meitsje op de mienskip. Taal is dêr in ûnskiedber ûnderdiel fan. Sjoch ek arcadia.frl of nim kontakt op fia praatmarFrysk.