www.nationalevoorleeslunch.nl

Boargemaster Buma lêst it Nasjonale Foarlêslunsjferhaal foar

17 oktober

Op tongersdei 17 oktober lêst boargemaster Buma fan Ljouwert it Fryske ferhaal ‘Godfried is fuort’ foar oan de âlderein fan Abbingahiem yn Ljouwert. It ferhaal is skreaun yn opdracht fan de Leescoalitie yn it ramt fan de Nationale Voorleeslunch dy’t dit jier op freed 4 oktober foar de sânde kear hâlden is . It ferhaal is skreaun troch Maarten Spanjer en nei it Frysk oerset troch Ytsje Steen. Lês ek it nijsberjocht.