Boekefeest en Fryske Boekewike
Freed 28 oktober traapje wy de Fryske Boekewike feestlik ôf mei it Boekefeest op It Hearrenfean! Spesjale gast is fansels nimmen minder as de skriuwer fan it Frysk Kadoboek: Ferdinand de Jong. Yn de Fryske Boekewike dêrnei, krigest by oankeap fan in boek yn dyn boekhannel it Frysk Kadoboek der fergees op ta. Mear ynformaasje folget. De Fryske Boekewike en it Kadoboek binne in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.