Foto: Istock

Oftraap Fryske Boekewike

6 maart

Hjoed begjint de Fryske Boekewike 2021! Dit jier traapje wy dy wike net ôf mei in Boekefeest, gesellich mei syn allen byelkoar, mar giet it alhiel yn koroana-styl fan dyn eigen bank ôf. Fan 20.00 oere ôf kinst der plat foar, want dan stjoert Omrop Fryslân semi-live fanút de Westertsjerke yn Ljouwert, it programma sa by dy de húskeamer yn. Spesjale gast is Hilda Talsma, skriuwster fan it Frysk Kadoboek. Krigest it Frysk kadoboek dêrnei de hiele wike fergees by de oankeap fan in boek by dyn (online) boekwinkel! Mear ynformaasje fynst hjir.