Foto: Anja van Wijgerden

Nasjonale Boekewike

7 maart 15 maart 2020

De nasjonale boekewike – de 85ste fan ‘t jier – wurdt op 6 maart tradisjoneel ôftrape mei it Boekenbal yn Amsterdam. Dêrnei fine o/m 15 maart troch it hiele lân aktiviteiten plak, û.o. in toernee fan Annejet van der Zijl, skriuwster fan it Boekenweekgeschenk 2020. It boekewikegeskink is ek dit jier op fersyk fan Boeken fan Fryslân oersetten yn it Frysk en leit yn dizze perioade njonken de Nederlânske edysje foar dy klear yn de boekhannel. By besteging fan € 15,00 of mear oan (berne)boeken!