Boekpresintaasje ‘Anton yn it museum’

10 maaie 10 maaie 2025

Op sneon 10 maaie om 14.00 oere yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert (Boterhoek 3). ‘Anton yn it museum’ is it nije berneboek fan de talintearre skriuwster én yllustratrise Mirjam van Houten. Bysûnder is dat dit boek sawol yn it Frysk as it Nederlânsk ferskynt. By de presintaasje komme útjouwer Ernst Bruinsma en fansels de skriuwster sels oan it wurd. It earste eksimplaar fan de Fryske edysje wurdt oanbean oan Tialda Hoogeveen, de Fryske Berneboeke-ambassadeur. Wês wolkom!