Boekpresintaasje printeboek ‘De kening sûnder hynder’

1 oktober

By de start fan de Kinderboekenweek is der, lykas elts jier, in moai printeboek beskikber. It boek fan Levina van Teunenbroek en Charlotte Bruijn is ek oerset nei it Frysk en hat fannemiddei, ûnder lieding fan de Berneboeke-ambassadeur, in feestlike presintaasje yn De Utrecht yn Ljouwert. Wolsto it ek hawwe? It is yn de Kinderboekenweek foar € 7,99 te keap by de Afûk-winkel en de boekhannels. En wistest datst dizze wike ek it Kinderboekenweekgeschenk fergees kado krijst by oankeap fan € 13,50 oan berneboeken? Kevin Hassing skreau it geskink dit jier. It giet oer Lexie dy’t gek is op superhelden en sels ek oer in superkrêft blykt te beskikken. Spannend!