Boekpresintaasje ‘Sipke komt op stoom’

16 febrewaris

Fannemoarn presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn gearwurking mei it Ir. D.F. Woudagemaal in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom. Lykas de oare Sipke titels, is ek dit boekje skreaun troch Lida Dykstra en binne de yllustraasjes fan Harmen van Straaten. DB-bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân – Annet van der Hoek – sil yn oanwêzichheid fan groep 5/6 fan CBS Eben Haëzer út Eastersee de earste twa eksimplaren oanbiede oan Wachtchef Rein Couperus en Wachtchef Marcel de Jong. Sipke op stoom leit fan hjoed ôf ek yn de boekhannel!