CD presintaasje WIEBE

21 septimber

Wiebe Kaspers (sang, toetsen), Florian den Hollander (bas) en Daan Slagter (drums) meitsje progressive popmuzyk mei Ingelske en Frysktalige teksten. Hjoed presintearret de band WIEBE har nije CD ‘Y’ yn de Noorderkerkseal fan Poppodium Bolwerk yn Snits. De nije CD ferskynd yn gearwurking mei útjouwerij Afûk as ‘albumboek’. Wolst by it konsert wêze? Sjoch foar mear ynfo op www.hetbolwerk.nl. Psssst! Sneon 26 oktober toert WIEBE ta promoasje fan de CD lâns ferskillende boekhannels yn Fryslân!