Foto: Fredau Buwalda

Citybooks Ljouwert

11 novimber 8 desimber 2018

It projekt Citybooks makket portretten fan stêden oan ‘e hân fan koarte ferhalen en searjes fan 24 foto’s of bylden. Fjouwer skriuwers en twa byldmakkers binne dêrfoar in skoftke yn in stêd. Yn 2018 wie dat Ljouwert. Fan 11 novimber oant en mei 8 desimber sjochst en hearst yn Obe en op it festival Explore the North it resultaat. Citybooks Ljouwert is in gearwurking fan Explore the North, Lân fan taal, Vlaamsk-Nederlânsk hûs deBuren en Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.