Conference on Frisian Humanities
‘Brêgen en grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst’ is it tema fan de tredde ynternasjonale Conference on Frisian Humanities. Likernôch 50 wittenskippers op it mêd fan (Fryske) taal, kultuer en skiednis presintearje dan harren ûndersykswurk. Omtinken foar (Fryske) literatuer is der fansels ek. Sa sil Alderik Blom, heechlearaar Keltysk oan de Philipps-Universität Marburg yn Dútslân, fertelle oer de literêre relaasjes tusken Fryslân en Bretagne tusken 1946 en 1958 by it ferskinen fan syn boek ‘Hor c’heneiled vreizhat / Us Bretonske freonen’. Ek presintearret Janneke Spoelstra har bondel ‘Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)’. Beide boeken ferskine yn de rige Minsken en Boeken fan de Fryske Akademy by útjouwerij Afûk. Mear ynfo en tickets foar it kongres fia de website frisianhumanities.frl.