De Taalkaravaan: foarstelling ‘Waddingen’
Harns foarmet it dekôr foar in tal bekende wurken fan Simon Vestdijk en in 1952 situearre Theun de Vries syn roman ‘Anna Casparii of Het Heimwee’ yn Harns. De roman sketst in byld fan it libben yn de Fryske havenstêd fan mear as 100 jier lyn. Yn it boek hjit de stêd ‘Waddingen’. Tiden de foarstelling lêst ferhaleferteller Douwe Kootstra inkele ta de ferbylding sprekkende fragminten foar út de roman. Hy wurdt dêrby begelaat troch de ferneamde bayanspeler Oleg Fateev. Plak: Hotel Anna Casparii, Harns. Tagong fergees. De Taalkaravaan is ûnderdiel fan Lân fan taal.