Deade dichters deklamatoarium yn Weidum

14 septimber

Snein 14 septimber om 15.00 oere yn de Johannestsjerke yn Weidum, organisearret it DDD-kollektyf yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier (Koarnjum) in literêre middei oer Fryske dichters dy’t net mear ûnder ús binne. Njoggen libbene dichters drage poëzy foar fan tolve Fryske dichters dy’t yn de ôfrûne jierren ferstoarn binne. Sy dogge dat ûnder muzikale begelieding fan Axl Hofstede en Wilco Hoekstra. By de foardrachten wurde bylden fan de dichters projektearre. Foar mear ynformaasje oer it programma en reservearjen: leeuwardencityofliterature.nl.