Deadline ferhalewedstriid ‘Ut ‘e bocht’

27 jannewaris

Yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris 2023 om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt hat Boeken fan Fryslân in ferhalewedstriid útskreaun. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen kinne hjoed noch ynstjoerd wurde! Sjoch hjir foar alle ynformaasje.