Rely Jorritsma, foto: FLMD

Deadline foar it ynstjoeren fan bydragen foar de Rely Jorritsmapriis

9 maaie

Deadline foar it ynstjoeren fan bydragen foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2021! Dit jier is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin – hjoed dus noch – in Frysk ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven. Sjoch ek www.stiftingflmd.frl.