Rely Jorritsma, foto: FLMD

Deadline foar it ynstjoeren fan wurk foar Rely Jorritsmapriis 2022

15 maaie

Hjoed is de deadline foar it ynstjoeren fan bydragen foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2022! Dit jier is de 68ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin – hjoed dus noch – in Frysk ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De sjuery foar 2022 bestiet út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. Sjoch ek www.stiftingflmd.frl.