Deadline oprop oan skriuwers: wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

1 jannewaris

Yn 2026 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. Skriuwers kinne har opjaan foar ien wike yn’t jier. Der is yn 2026 maksimaal plak foar 15 skriuwers. De arke is beskikber yn de neikommende perioaden: 1 febrewaris – 24 april 2026, 20 july – 7 augustus 2026, 19 oktober- 31 desimber 2026. Belangstellenden kinne har oant 1 jannewaris 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma, skriuwersarke@stiftingflmd.frl. Sjoch ek: stiftingflmd.frl.