Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma – Foto: Geart Tigchelaar

Deadline poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

28 juny

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, hat Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid útskreaun. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld. Hatsee! Bydragen ynstjoere kin hjoed noch! Sjoch foar alle ynfo op dichterfanfryslan.nl.