Dei fan de Alvestêdetocht
Sûnt 2020 wurdt mids jannewaris de ‘Dei fan de Alvestêdetocht’ hâlden ta gelegenheid fan de jierdei fan de Vereniging de Friesche Elf Steden. De feriening waard oprjochte op 15 jannewaris 1909 foar de earste Alvestêdetocht en organisearret as it kin de Alvestêdetocht op redens. De lêste organisearre tocht waard yn 1997 ferriden op 4 jannewaris. Oer de Alvestêdetocht binne geandewei de jierren hiel wat boeken ferskynd: neislachwurken, biografyen, ferhalen en romans. Mar der binne ek allerhanne ‘goodies’ te krijen. Fan keukendoek oant Reinier Paping-mûtse! Nijsgjirrich? Sjoch dan ris nei it oanbod yn ús winkel of websjop. Ek moai om kado te dwaan!