Foto: Jacob Stienstra / kolleksje Tresoar

Dei fan ’e Fryske Letterkunde

6 novimber

Hjoed is yn Ljouwert de 3e Dei fan ’e Fryske Letterkunde. Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje de Fryske Akademy en Tresoar in kongres oer it tema Befrijing yn ‘e Fryske Literatuer. De Dei fan ’e Fryske Letterkunde wol net allinnich in poadium wêze foar it fersprieden fan kennis oer de Fryske literatuer en letterkunde, mar ek in gelegenheid om it netwurk te ferstevigjen, sawol fan kenners fan ’e Frysktalige letteren as kenners fan Nederlânske of oarstalige letteren. Op ’e Dei is ek romte foar diskusje oer hoe’t de kennis fan Fryske literatuer ferbrede en grutter makke wurde kin.